Geisha

Geisha

Dizze side giet oer de Japanske froulike artyst. Foar oare betsjuttings, sjoch: Geisha (betsjuttingsside).

In geisha (Japansk: 芸者, útspr.: [ɡeːɕa], likernôch: "gee-sja") is in froulike artyst yn Japan, dy't tradisjonele Japanske keunstfoarmen beoefenet, lykas muzyk, sang, dûns en de teeseremoanje. Sa'nent ûnderskiedt har troch it dragen fan siden kimono's en de opfallende oshiroi-make-up dy't gesicht wyt en de lippen read makket....Read more

Dizze side giet oer de Japanske froulike artyst. Foar oare betsjuttings, sjoch: Geisha (betsjuttingsside).

In geisha (Japansk: 芸者, útspr.: [ɡeːɕa], likernôch: "gee-sja") is in froulike artyst yn Japan, dy't tradisjonele Japanske keunstfoarmen beoefenet, lykas muzyk, sang, dûns en de teeseremoanje. Sa'nent ûnderskiedt har troch it dragen fan siden kimono's en de opfallende oshiroi-make-up dy't gesicht wyt en de lippen read makket. It wurd 'geisha' is opboud út twa kanji: 芸 (gei), dat "keunst" betsjut, en 者 (sha), dat "persoan" of "dogger", "beoefener" betsjut. Oerset betsjut it wurd dus eins letterlik "keunstneresse". Synonimen binne geiko (芸子) en geigi (芸妓). It gebrûk fan 'e term geiko is beheind ta westlik Japan, en betsjut letterlik "keunst-frou", dus ek "keunstneresse". Der bestiet yn 'e Westerske wrâld in dreech út te rûgjen misferstân dat geisha's prostituees binne. Dat is feroarsake troch it feit dat geisha's foarhinne yn Japan as de meast begearlike froulju beskôge waarden, mei as gefolch dat prostituees (oiran) harrensels begûnen te klaaien en op te meitsjen as geisha's.