Switserlân

Context of Switserlân

Switserlân (Dútsk: Schweiz, Frânsk: Suisse, Italjaansk: Svizzera, Retoromaansk: Svizra, Latynsk: Helvetia), offisjeel de Switserske Bûnssteat, de Switserske Konfederaasje of it Switsersk Eedgenoatskip (Dútsk: Schweizerische Eidgenossenschaft, Frânsk: Confédération suisse, Italjaansk: Confederazione Svizzera, Retoromaansk: Confederaziun svizra, Latyn: Confoederatio Helvetica) is in lân yn Midden-Jeropa. De haadstêd is Bern.

De Switserske Konfederaasje wurdt ek wol de Switserske Eedgenoatskip (Dútske: Eidgenossenschaft) neamd. It bûn fan de saneamde oerkantonnen Uri, Schwyz en Unterwalden wie de basis foar it lettere Switserlân. De fertsjintwurdigers fan dy trije oerkantonnen hawwe yn 1291 swoarn dat se inoar bystean soenen tsjin oanfallen fan bûten. Mei de Frede fan Westfalen wurdt Switserlân syn steatsrjochtlike ûnôfhinklikheid formeel erkend. Switserlân yn syn hjoeddeisti...Read more

Switserlân (Dútsk: Schweiz, Frânsk: Suisse, Italjaansk: Svizzera, Retoromaansk: Svizra, Latynsk: Helvetia), offisjeel de Switserske Bûnssteat, de Switserske Konfederaasje of it Switsersk Eedgenoatskip (Dútsk: Schweizerische Eidgenossenschaft, Frânsk: Confédération suisse, Italjaansk: Confederazione Svizzera, Retoromaansk: Confederaziun svizra, Latyn: Confoederatio Helvetica) is in lân yn Midden-Jeropa. De haadstêd is Bern.

De Switserske Konfederaasje wurdt ek wol de Switserske Eedgenoatskip (Dútske: Eidgenossenschaft) neamd. It bûn fan de saneamde oerkantonnen Uri, Schwyz en Unterwalden wie de basis foar it lettere Switserlân. De fertsjintwurdigers fan dy trije oerkantonnen hawwe yn 1291 swoarn dat se inoar bystean soenen tsjin oanfallen fan bûten. Mei de Frede fan Westfalen wurdt Switserlân syn steatsrjochtlike ûnôfhinklikheid formeel erkend. Switserlân yn syn hjoeddeistige bestjoerlike foarm bestiet sûnt. De namme Switserlân (Dútsk: Schweiz) komt fan it oerkanton Schwyz.

It lân is bestjoerlik opdield yn 26 kantonnen en hat op nasjonaal nivo fjouwer offisjele talen: Dútsk, Frânsk, Italjaansk en Retoromaansk. Dy fjouwer talen skiede it lân yn fjouwer kultuer- en taalgebieten. De ynternasjonale lânkoade is CH, de ôfkoarting fan it neutrale Latynske Confoederatio Helvetica, om foar te kommen dat net ien fan de fjouwer amtstalen boppe de oare steld wurde moat.

De nasjonale identiteit fan Switserlân en de mienskiplik ferbûnens fan de Switsersen wurde net ûntliend oan in mienskiplike taal, etnisiteit of leauwen. In binende ynterkulturele faktor is it fertrouwen yn de direkte demokrasy, in hege mate fan lokale en regionale autonomy en de iuwenâlde reewilligens om ta kompromissen te kommen yn politike fraachstikken.

More about Switserlân

Currency:
Calling code:
+41
Internet domain:
.ch
Driving side:
right
Population:
8.466.017
Area:
41.285
km2

Where can you sleep near Switserlân ?

Booking.com
7 visits today, 309 Destinations, 6.278 Points of interest, 206.709 visits in total.